Wenlêsten Ljouwert leger

De kosten fan wenjen yn de gemeente Ljouwert gean dit jier omleech. Dat is opfallend, want út in ûndersyk fan de Ryksuniversiteit yn Grins ûnder de 35 grutste gemeenten yn Nederlân blykt dat de wenlesten yn de measte gemeenten krekt omheech gien binne.
De legere kosten yn Ljouwert en de omlizzende doarpen komme troch de ôffalstofheffing. Dy falt leger út en dat wurdt trochberekkene oan de bewenners.
De delgong fan 'e wenlesten yn Ljouwert is 0,6 prosint. Dêr sitte de ûnreplikesaakbelesting, de rioel- en de ôffalstofheffing yn. Yn Nederlân gean dy lêsten yn trochsneed omheech. De ûndersikers hawwe no de 35 grutste gemeenten fan Nederlân hân. De oare gemeenten komme ek noch oan bar.