Fleurtje Belle Fleur leech

14 jan 2013 - 11:14

Alden stjoere harren bern net mear nei berne-opfang Fleurtje Belle Fleur op It Hearrenfean. By de weriepening, moandei, kaam gjinien fan 'e tsien bern opdaagjen. De gemeente hie de opfang sluten omdat de eigeneresse rûch mei de bern omgean soe. Sy sprekt dat tsjin. De eigeneresse hat in koart pleit tsjin de sluting wûn en de opfang is no wer iepen.

Ien fan 'e beskuldigings wie dat bern somtiden opsluten waarden yn in tsjustere wc. De eigeneresse seit dat dat net wier is, want de doar fan it húske sit in grut rút yn.

Trefwurden: 
Fleurtje Belle Fleur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)