Mei frou op 'e fyts ûnderút
Twa minsken binne ôfrûne nacht ferwûne rekke doe't se op It Hearrenfean ûnderút giene mei de fyts. It giet om in man fan 35 jier en in 41-jierrige frou, beide fan It Hearrenfean. De frou siet by de man op de stange fan 'e fyts.
De man foel, nei alle gedachten omdat er tefolle dronken hie. In foarbygonger seach de twa op strjitte lizzen en warskôge de helptsjinsten. De beide slachtoffers hiene ûnder oare ferwûnings oan it gesicht. Se binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.