Steggerda earste koartebaan

14 jan 2013 - 09:56

Yn Steggerda wurdt tiisdeitemiddei de earste koartebaanwedstriid op natueriis fan dit seizoen ferriden. De wedstriid foar manlju by iisferiening Vooruitgang begjint om healwei twaen.

Steggerda is dêrmei earder as Bantegea. Dêr wiene se earder mei it oanfreegjen fan in koartebaanwedstriid by it Bûn fan Fryske IIsklups. Mar de wedstriid yn Bantegea wurdt woansdeitemiddei pas ferriden. It soe earst tiisdeitejûn, mar de wedstriid is ferskood.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)