Skylge kâldste plak fan NL
Skylge wie neffens de ynternetside Weeronline ôfrûne nacht it kâldste plak fan Nederlân. Dêr kaam it mei min 9,4 graden hast ta strange froast. Yn Ljouwert wie it min 7,2 graden.
It bliuwt de hiele wike kâld, mei oerdeis temperatueren krekt ûnder nul en yn de nachten matige froast.