25-25 lykspul foar Mid-Fryslân

13 jan 2013 - 17:45

De kuorballers fan haadklasser Mid-Fryslân ha snein mei 25-25 lykspile tsjin Hoogkerk. Yn Hoogkerk krige it publyk in spannend slot te sjen, wêryn't beide ploegen yn in lykopgeande striid fjochten om de oerwinning. Mei noch 10 minuten te gean pakte Mid-Fryslân in lytse foarsprong fan trije puntsjes (21-24).

Lang like Mid-Fryslân ôf te gean op in nipte oerwinning, mar yn de slotminuten wie it dochs Hoogkerk dat noch op likese hichte kaam.

Mid-Fryslân stiet mei 7 punten út 8 wedstriden op it fyfde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)