Hekman wint rumoerige maraton

In nuvere sitewaasje ûnststie der sneon yn Eindhoven by de fjirtjinde maraton om de KPN Maraton Cup. By de manlju kaam Sjoerd Huisman as earste oer de einstreek, mar net lang nei syn finish waard Huisman tegearre mei ploechmaat Simon Schouten diskwalifisearre. Huisman soe yn de lêste meter treaun wêze troch Schouten, sadat er as rapste oer de streek kaam.
Te midden fan it rumoer waard Gary Hekman útroppen ta nije winner. Chrispijn Ariëns fan Wolvegea waard twadde, folge troch de nûmer trije Jan Maarten Heideman.
By de froulju wie de oerwinning foar Mariska Huisman, dy't dêrmei tagelyk ek de KPN Cup op har namme skreau. Huisman hie al in aardige foarsprong yn it klassemint opboud. Dizze oerwinning wie genôch foar de einoerwinning.