Tefreden oer tal greidefûgels

Terreinbehearder Natuurmonumenten is hiel tefreden oer it tal briedgefallen fan greidefûgels yn syn reservaten yn de Greidhoeke en de Lytse Bouhoeke. Opfallend is dat ek de ljip it de ôfrûne maitiid sa goed die. Der binne 354 pearkes teld. Ien en oar docht bliken út de resultaten fan de fûgelynventarisaasje dy't krekt bekend makke binne. De goede resultaten hawwe foar in part ek te krijen mei de ynfloed fan it waar op de fûgels en de greide.
Wol bliuwe de greidefûgelreservaten hiel kwetsber omdat it om soarten giet dy't ôfhinklik binne fan bewurke kultuerlân. Boppedat kinne bisten en fûgels dy't wol in jonge greidefûgel meie, gau in soad skea oanrjochtsje omdat der no ienris net safolle greidefûgelreservaten binne fan dizze kwaliteit.