EK-titel yn sicht foar Wüst

© awfoto.nl
Ireen Wüst hat snein de foarsprong op har konkurrintes fierder útwreide by it EK allround troch de 1500 meter op har namme te skriuwen. Mei in tiid fan 1.56.39 wie Wüst yn de slotrit fierwei de rapste. Yn Thialf kleure it poadium op de 1500 meter hielendal oranje. It twadde plak gong nei Linda de Vries, dy't 1.57.57 klokte. Diane Valkenburg makke it poadium kompleet mei har tredde tiid fan 1.57.76.
Op de 1500 meter notearre Antoinette de Jong opnij in nij persoanlik rekôr fan 1.59.02, goed foar it achtste plak.
Nei trije ôfstannen giet Wüst fier oan de lieding, folge troch De Vries en Valkenburg. Antoinette de Jong sakket mei har 8e plak nei it fjirde plak yn it algemien klassemint. Snein stiet allinne de ôfslutende 5 kilometer noch op it programma foar de froulju.