Sân ynbraken yn Fryslân

13 jan 2013 - 14:45

By de plysje is sneon sân kear oanjefte dien fan ynbraak yn Fryslân. Yn Ljouwert waard yn trije huzen besocht yn te brekken. Yn alle trije gefallen mislearre dat. Yn ien gefal waard in foardoar mei grof geweld yntrape. De bewenster wie lykwols thús wêrnei't de ynbrekkers útnaaiden. Op It Hearrenfean waarden twa huzen trochsocht wêrby't ien hûs hielendal oeral helle waard. It is noch net dúdlik wat der mist. Dat jildt ek foar in hûs yn Easterwâlde dêr't alles oer de kop skuord waard.

Yn Grou is sneontemiddei út in hûs oan de Oostergostrjitte jild en in tv meinommen. De doar fan de wenning wie forsearre. Fanwege de impact fan in ynbraak wurdt oan alle dupearren slachtofferhelp oanbean.

Trefwurden: 
ynbraak stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)