Aldegea SWF kampioen damjen

13 jan 2013 - 14:18

Damklup Nocht en Kriich út Aldegea Súdwest-Fryslân hat sneon it klupkampioenskip fan it Dambûn Frysk Spul wûn yn de kampioensklasse. In moai kado foar de klup dy't dit jier har 75-jierrich jubileum fiert. Yn Easterein waard de beslissende wedstriid tsjin Hartwert yn de twadde fan 'e trije omlopen mei 4,5 tsjin 3,5 beslist yn it foardiel fan Aldegea. Dêrnei makken de Aldegeasters gjin flaters mear tsjin De Gaastmar.

Yn de twadde klasse gong Lollum 3 mei de titel nei hûs. Yn de tredde klasse wie Blauhús 1 fierwei de bêste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)