Priis karakteristike gebouwen

Garyp © Karakteristyk Tytsjerksteradiel, Klaas Veltman
Gebouwen yn de gemeente Tytsjerksteradiel kinne oant 1 maart oanmeld wurde foar de Karakteristykpriis. De Stichting Karakteristyk Tytsjerksteradiel kent de priis ta as oanmoediging foar it behâld en werstel fan it kultureel erfgoed yn de gemeente. Om foar de Karakteristykpriis 2012 yn de beneaming te kommen, moatte gebouwen foar 1 jannewaris fan dit jier restaurearre of yn orizjinele steat werombrocht wêze. In sjuery beoardielet de gebouwen en jout advys oan it bestjoer fan de stichting. De priiswinner krijt in gevelplakette en 500 euro.