Ynfo-byienkomst oer grien gas

13 jan 2013 - 12:56

De provinsje en de gemeente Tytsjerksteradiel hâlde freed 18 jannewaris in byienkomst oer it riden op grien gas. Ynwenners fan de gemeente kinne dan by AutoSchat yn Burgum in proefrit meitsjen yn in auto dy't op grien gas rydt. Fierder krije se ynformaasje oer it tanken, de tank-lokaasjes en subsydzjes. Deputearre Sietske Poepjes fertelt wat it belied fan de provinsje is om it riden op grien gas te stimulearjen. Minsken dy't al op grien gas ride, fertelle oer har ûnderfinings.

Trefwurden: 
Burgum grien gas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)