Boarnburgumer jout frou klap

13 jan 2013 - 12:28

De plysje hat sneontenacht in 26-jierrige Boarnburgumer oanholden foar mishanneling. Yn in hoarekagelegenheid oan de Súdkade hie de man in 27-jierrige ynwenster fan Drachten slein. De frou rekke dêrby ferwûne oan 'e holle. It slachtoffer die oanjefte en krige it advys nei in dokter te gean. Op de Kade waard de 26-jierrige man oppakt en op it plysjeburo ynsletten. Portiers hiene him yntusken al út de saak set. Nei de reden fan de mishanneling wurdt noch ûndersyk dien.

Trefwurden: 
Drachten Boarnburgum klap
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)