Man yn elkoar slein op stasjon

© ANP XTRA
In 20-jierrige man út Meppel is sneontejûn op it stasjon fan Akkrum yn elkoar slein troch trije manlju. De man stie op de trein te wachtsjen, doe't der in auto stilstean bleau, dêr't de trije manlju útstapten. Sûnder oanlieding begûnen se him te skoppen en te slaan, ek tsjin syn holle. It slachtoffer wist te ûntkommen en de plysje te warskôgjen. De man is troch ambulânsepersoniel oan syn ferwûnings behannele. Omdat de man de lêste trein mist hie, hat de plysje him nei in freon yn Stienwyk brocht. De dieders binne net pakt.