Ferwûne by kop-sturtbotsing

By in kop-sturtbotsing yn Kollumersweach is sneon in man fan 61 út Drachten ferwûne rekke. De man siet by in frou fan 49 ek út Drachten yn de auto. Sy stie stil foar in krusing om in oare auto foarrang te jaan. In 22-jierrige frou út Kollumersweach seach dat te let en botste mei har auto op dy fan de Drachtsters. It slachtoffer is mei in pynlike nekke nei it sikehûs yn Grins brocht. Beide bestjoersters kamen mei de skrik frij.