Al soad redens ferkocht

12 jan 2013 - 16:28

De ferkeap fan redens is al yn folle gong. In soad minsken wolle foarkomme dat de izers aanst útferkocht binne as der ien kear iis leit. Nea earder waarden mei dizze temperatueren al sa'n soad redens ferkocht, sizze guon ferkeapers. It liket wol as slacht de iisgekte hieltyd earder ta. De waarsfoarsizzers hoege mar oer froast te begjinnen. Benammen it djoerdere segmint redens is populêr.

Trefwurden: 
redens iisgekte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)