Kramer op koers foar EK-titel

12 jan 2013 - 15:58

Sven Kramer hat goede saken dien op de twadde dei fan it EK allround yn Thialf. Op de 1500 meter wûn Kramer yn in rjochtstreeks duel fan syn direkte konkurrint en ploechmaat Jan Blokhuijsen. Kramer kaam út op in tiid fan 1.47.49, Blokhuijsen klokte 1.47.89. Dat wie goed foar respektyflik in achtste en in tsiende plak.

De winst gong nei de Poal Konrad Niedzwiedzki (1.46.32). Twadde waard syn lângenoat Zbigniew Brodka (1.46.38). It brûns wie foar de Noar Sverre Lunde Pedersen (1.46.39).

Yn it algemien klassemint stiet Kramer noch altyd boppe-oan, folge troch de Noar Håvard Bøkko en op plak 3 Jan Blokhuijsen. Snein stiet de ôfslutende 10 kilometer op it programma. Op jacht nei syn sechsde EK allround titel hat Kramer in foarsprong fan 5,72 tellen op Bøkko en 7,88 tellen op Blokhuijsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)