Needopfang asylsikers Drachten

© Omrop Fryslân
De needopfang yn Drachten foar útprosedearre asylsikers set noch dizze moanne útein. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân hat dêr goed 61.000 euro foar frijmakke. Fan dat jild kin it ûnderkommen betelle wurde, it iten en drinken, medyske saken en juridyske begelieding. De gemeente is noch op syk nei in wenning foar de needopfang. Dy wurdt útfierd troch de stichting Vluchtelingenwerk Noord Nederland (VNN). De needopfang is omstriden. Guon politisy fine dat dy it Nederlânske asylbeleid ûndermynt.