Tram 891 nei Ousterhaule

12 jan 2013 - 13:00

It Nasjonaal Iepenbier Ferfier Museum yn Ousterhaule hat sneontemoarn in bysûndere tram út Amsterdam krigen. Tram 891, mei de bynamme ''de bloedneus'', is op in djiplader by it museum ôflevere. De tram is yn 1948 boud en hat oant 1983 yn de binnenstêd fan Amsterdam riden. It museum dat draait op 40 frijwilligers, hoegde allinnich it transport fan hast 900 euro te beteljen. Foar it museum dat no goed 10 jier bestiet, in boppeslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)