Net oeral mear op reeën jeie

As it oan Steatsboskbehear leit, kin der by de jacht op reeën yn de grutte natoerterreinen net mear oaral sketten wurde. Yn oerlis mei jagers yn de saneamde wyldbehearienheden soe de jacht konsentrearre wurde moatte op plakken dêr't de reeën foar oerlêst of gefaar soargje; bygelyks op in plak dêr't se regelmjittich in drokke dyk oerstekke. De jagers wurde al langer ynset om it tal reeën behearsber te hâlden.