Keapsnein Ljouwert sels bepale

Skrâns © Omrop Fryslân, Jan Durk de Haan
Undernimmers moatte sels ferantwurdlik wurde foar de keapsnein. Dat wolle de fraksjes fan de VVD en D66 yn de gemeenteried fan Ljouwert. Sy fine dat ûndernimmers sels bepale moatte wannear't se iepen en ticht wêze wolle. As it foar winkellju better is om op in snein iepen te gean en op moandei ticht te wêzen, dan moat dat kinne.
De fraksjes komme mei in inisjatyffoarstel om dat mooglik te meitsjen. Doel dêrfan is ek om de konkurrinsjeposyjse fan Ljouwert te fersterkjen.
No bart it hieltyd mear dat Ljouwerters op snein nei oare plakken gean om dêr te boadskipjen of te winkeljen. Soks moat ek yn Ljouwert kinne, fine VVD en D66.