Man besiket brân te stiftsjen

12 jan 2013 - 10:48

Yn Ljouwert is freedtenacht in 45-jierrige man út Hoogezand oppakt omdat er besocht hie brân te meitsjen. Meiwurkers fan in hoarekagelegenheid op it Bonifatiusplein seagen brân yn in portyk fan in hûs. Se grypten fuortendaliks yn en skuorden de fertochte by it fjoer wei. De man hie in matte yn de brân stutsen. Hy woe mei syn aksje soargje foar ûnderdak, omdat er al in pear nachten bûten sliept hie. De plysje hat de man meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
brânstifter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)