Botsing by Burchwert

12 jan 2013 - 10:41

In 31-jierrige man út Waaksens is freed by Burchwert ferwûne rekke by in oanriding. De man joech op in krúspunt gjin foarrang oan in autobestjoerder út Wommels. Dy kaam mei de skrik frij. De man út Waaksens rekke ferwûne oan de nekke en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
botsing Burchwert
(advertinsje)