Museum Opsterland wint priis

12 jan 2013 - 10:31

Museum Opsterland op De Gordyk hat de Gouden Turf wûn. Dat is de publykspriis foar frijwilligersorganisaasjes yn de gemeente Opsterlân. Dy waard freed foar de fjirde kear útrikt yn de Witte Kerk yn De Himrik. De Gouden Turf is yn it libben roppen troch de gemeenteriedsfraksje OpsterLanders om mear omtinken en wurdearring te freegjen foar frijwilligerswurk. By Museum Opsterland wurkje 50 frijwilligers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)