Falske melding 112 De Jouwer

11 jan 2013 - 21:06

In man op De Jouwer is freedtejûn oanhâlden neidat der in falske 112 melding dien hie. Op de Tolhúswei lei neffens him in swier ferwûne persoan. De alarmsintrale stjoerde trije ambulânses, in traumahelikopter en trije plysjeauto's nei de lokaasje. Doe't se te plak kamen wie der neat te sjen. De Jouster koe oanhâlden wurde op de Hurddraversdyk. De man is neffens de plysje net tarekkenber en hat faker mei it alarmnûmer skille. Hy is oerbrocht nei it plysjeburo yn Drachten.

Trefwurden: 
112 falsk melding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)