On-line aksje foar buslijn 22

11 jan 2013 - 17:17

De Facebook-pagina fan Doarpsbelang Warten om aksje te fieren foar buslijn 22 hat yn twa dagen tiid al 160 freonen krigen. Warten en Wergea fiere tegearre aksje om de bus wer faker yn it doarp te krijen. Sûnt de nije tsjinstregeling binne der allinnich mar bussen yn de moarns- en jûnsspits.

By Doarpsbelang reint it klachten oer de beheinde tsjinstregeling. Doarpsbelang freget de minsken no om har klachten te mailen nei dorpsbelangwarten@hotmail.nl. Dy sinjalen wurde trochjûn oan Arriva en oan deputearre Johannes Kramer.

Arriva sil neffens doarpsbelang no tiisdei in enkête hâlde yn de trije moarnsbussen tusken Warten en Ljouwert.

Trefwurden: 
bus Arriva Wergea Warten Facebook
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)