Fytser ferwûne by ûngelok

11 jan 2013 - 16:49

In 51-jierrige fytser út Aldehaske is freedtemiddei ferwûne rekke by in oanriding op de Turfsteker yn syn wenplak. In automobilist seach nei alle gedachten troch de sinne de fytser oer de holle.

It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
ûngelok fytser ferwûne
(advertinsje)