Cambuur no tredde op ranglist

SC Cambuur © Omrop Fryslân
Cambuur hat freed sûnder te spyljen goeie saken dien op de ranglist fan de Jupiler League. Niiskrekt waard bekend dat AGOVV út Apeldoorn definityf fallyt ferklearre is. Hjirtroch komme de Ljouwerters op it tredde plak te stean, achter MVV en Sparta. Cambuur spile earder gelyk tsjin AGOVV en ferliest dêrtroch mar ien punt.
Koprinner MVV wûn fan de klub út Apeldoorn en rekket sadwaande trije punten kwyt. De grutste konkurrinten fan de Ljouwerters: Helmond Sport en Dordrecht ferlearen trije punten en Fortuna Sittard sels fjouwer punten.