Helpferliening Raard wie goed

De helptsjinsten wiene manmachtich yn Raard om te helpen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De helpferliening yn Raard nei it swiere ûngelok by de jierwiksel is fluch op gong kommen en goed ferrûn. Dat stelt de Veiligheidsregio Fryslân yn in evaluaasje. Yn de nacht fan âld en nij riedt in frou mei har auto yn op in groep ynwenners fan Raard dy't krekt bûten it doarp nei in nijjiersfjoer stie te sjen.
By it ûngelok rekken 17 minsken ferwûne. As gefolch fan syn ferwûnings ferstoar ien persoan. De ambulânsefoarsjenning yn Fryslân krige assistinsje fan kollega's út Grinslân, Drinte en Flevolân. Ek in traumateam waard ynset.
De traumahelikopter koe net fleane fanwege de waarsomstannichheden.