GDW Snits nimt ynkassoburo oer
Gerjochtsdoarwarder GDW+ Incasso Snits nimt ynkassoburo Heringa yn Drachten oer. It Drachtster Bureau Heringa bestie sûnt 1955 ûnder dy namme. Beide partijen diene al jierren saken mei-inoar en binne goed opinoar ynspile. It Drachtster buro hat alle rinnende ynkassosaken no oerdroegen oan it Snitser kantoar.
GDW+ hat ek de twa meiwurkers fan Bureau Heringa oernommen. By GDW+ gerjochtsdoarwarder en ynkasso wurkje no mei-inoar njoggen minsken. It is dêrmei ien fan de grutste selsstannige doarwarders fan Fryslân.