Thomas en Emma populêre nammen

11 jan 2013 - 14:20
  • Dieuwke van der Meer fan Heit en mem.nl

Thomas en Emma binne de populêrste Fryske foarnammen. Yn 2012 waarden dizze nammen it faakst oan in krekt berne poppe jûn. Dat blykt út in ynventarisaasje fan tiidskrift Heit en Mem. It giet om nammen dy't fan âlds yn Fryslân foarkomme.

De top 3 by de jonges bestiet út Thomas, Jens en Jan. By de famkes binne dat Emma, Anna en Fenna. De Sosjale Fersekeringsbank hat freed in list mei de populêrste nammen yn Nederlân bekend makke. Oare typysk Fryske nammen dy't faak jûn binne, binne Johannes, Jelle, Femke en Yfke.

Trefwurden: 
Frysk Thomas Emma foarnamme
(advertinsje)