Kwaliteit basisskoallen better

11 jan 2013 - 11:58

De kwaliteit fan it basisûnderwiis is de lêste fjouwer jier bot ferbettere. Yn 2008 wiene 17% fan de skoallen swak, yn 2012 wie dat 4%. De kwaliteitsferbettering is berikt troch de ynset fan leararen, skoallieders, bestjoeren en provinsje. Skoallen hâlde de prestaasjes fan bern no better by.

Dat docht bliken út in rapport fan de ûnderwiisynspeksje. Sy hawwe lykwols noch wol soargen want skoalbestjoeren kinne kwaliteitsproblemen dochs net altyd foarkomme. Ek binne skoallen yn Fryslân minder goed yn it lesjaan oan in ferskaat fan nivo's.

Yn Grinslân en Drinte is de kwaliteit fan it basisûnderwiis ek better wurden. Yn Grinslân is noch 4,8 % fan de basisskoallen swak (wie foarhinne 13 %) en in Drinte 2,7 % fan de basisskoallen (wie earder 19 %).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)