Motorrider ferwûne nei botsing

11 jan 2013 - 10:09

In 59-jierrige motorrider fan Suwâld is tongersdei ferwûne rekke yn Burgum. Op de krusing fan de Riedhûswei mei de Legewei krige er gjin foarrang fan in 57-jierrige man út Ljouwert.

Troch de oanriding foel de Suwâldster fan syn motor. Hy moast foar behanneling nei it sikehûs, mar hie neat brutsen. De motor is fuortsleept.

Trefwurden: 
Burgum botsing ferwûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)