Wüst wol 'Olympysk allrounde'

© TVM
Ireen Wüst hat ISU-foarsitter Ottavio Cinquanta yn in iepen brief oproppen om fan it allrounden in Olympyske dissipline te meitsjen. It reedriden sit neffens Wüst ynternasjonaal yn swier waar. De oplossing leit neffens Wüst foar de hân: meitsje it allround-reedriden Olympysk. Wüst seit út namme fan 'in soad riders' te sprekken.
Wüst wol noch mear feroarje. Sy fynt dat it EK wer twa dagen duorje moat yn plak fan trije, lykas dit wykein op It Hearrenfean by de manlju it gefal is.