Warskôging foar glêdens
Der jildt in warskôging foar glêdens yn de hiele provinsje yn ferbân mei it opfriezen fan diken. Dat is in gefolch fan it reinwetter fan tongersdei yn kombinaasje mei in temperatuer dy't hurd rjochting it friespunt giet.
Der wurdt dan ek folop struid yn Fryslân.