Undersyksfoarstel oer REC

10 jan 2013 - 19:34

De Noardlike Rekkenkeamer hat in opset oan provinsjale steaten foarlein foar in ûndersyk nei it fergunningferlieningsproses oan de Reststoffen Energie Centrale, de REC, yn Harns. Der sil no earst neigien wurde oft de ûndersyksopset yn oerienstimming is mei de fraach fan de steaten.

Dy hawwe yn oktober in fersyk dien om sa'n ûnôfhinklik ûndersyk. Der hat de ôfrûne jierren in soad diskusje west oer de fergunnings fan de REC yn Harns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)