Fertochte ynsidint A32 oppakt

De fertochte riedt op de plysjemotor yn © Alex Zwart, HvNieuws
De plysje hat tiisdeitemiddei in 24-jierrige man út Assen oanholden yn ferbân mei in achterfolging fan ferline wike tongersdei op de A32 by Wolvegea. Dêrby ried in motorplysje achter de man út Assen. Dy sette syn auto ynienen yn de achterút en besocht op de motorplysje yn te riden.
Dat mislearre, mar de motorplysje foel en skeat twa kear. De identiteit fan de fertochte wie fuort al bekend. De man is yn syn wenplak oanholden. Freed moat de man út Assen foar de rjochter-kommissaris ferskine.