Eask 10 jier yn saak-De Vrieze

10 jan 2013 - 16:16

Yn de saak tsjin de fertochte fan deaslach op Michael de Vrieze fan Boerum is tongersdei foar de rjochtbank yn Grins tsien jier selstraf easke. De fertochte yn de saneamde 'moardsaak sûnder lyk' is de 35-jierrige húsgenoat fan De Vrieze, Cafer G.
Michael de Vrieze ferdwûn yn april 2010, mar syn lichem is nea fûn. Yn de mienskiplike wenning fan De Vrieze en de fertochte yn Grins binne in soad bloedspoaren fan de Boerumer fûn. Dêryn siet ek in fingerôfdruk fan Cafer G.

Boppedat betelle de fertochte mei de betelpassen fan De Vrieze en ried er yn syn auto. De fertochte ûntkent alles. De rjochter docht 24 jannewaris útspraak.

Trefwurden: 
Boerum Michael de Vrieze
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)