30 resjersjeurs op sjitpartij

10 jan 2013 - 14:54

De plysje hat tritich resersjeurs op de saak set yn ferbân mei de sjitpartij woansdeitemidei yn Easterwâlde. In 51-jierrige man út it doarp waard dêrby deasketten. Fierder is de plysje fan start gien mei in grutskalich ûndersyk yn it gebiet om de wenning hinne. De plysje hat noch gjin idee oer de tadracht fan de sjitpartij. In 29-jierrige fertochte sit noch fêst. Twa oare minsken wiene alwer frijlitten en binne ek definityf gjin fertochte mear. De plysje is noch op syk nei tsjûgen. Freed wurdt seksje dien op it lichem fan de Easterwâldster.

Trefwurden: 
Easterwâlde sjitpartij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)