Dochs Frysk jild foar starters

Noardlike Untwikkelingsmaatskippij
De provinsje Fryslân wol dochs jild stekke yn in plan om startende ûndernimmers te helpen. It giet om diel 2 fan it projekt Flink fan de Noardlike Untwikkelingsmaatskippij, de NOM. Provinsje Fryslân woe earst gjin jild útlûke, omdat er it in taak fynt fan de Keamer fan Keaphannel om startende ûndernimmers foarút te helpen. No't de KvK ek meidocht, hat deputearre Konst tasein dat it frege jild, inkele tsientûzenen euro's, beskikber komt. De provinsjes Grinslân en Drinte hiene earder al jild frijmakke foar de startersbegelieding.