Fryske fotograaf nominearre

Foto Haren, Catrinus van der Veen © www.zilverncamera.nl
Fotograaf Catrinus van der Veen is nominearre foar in Zilveren Camera, de belangrykste priis foar fotosjoernalisten. Van der Veen, dy't ûnder oaren wurksum is foar de Ljouwerter krante, is nominearre yn de kategory binnenlânsk nijs mei in searje foto's fan de Project X-rellen yn Haren. De Zilveren Camera wurdt op 20 jannewaris útrikt.