Bernedeiferbliuw mei wer iepen

10 jan 2013 - 12:30
  • Bernedeiferbliuw mei wer iepen
  • Parserjochter Wiebe Claus
  • Ivo van der Meer, advokaat fan de gemeente Hearrenfean

It bernedeiferbliuw Fleurtje Belle Fleur op It Hearrenfean hie net sletten wurde mocht troch de gemeente. Dat is it foech fan de GGD. Dat is tongersdei troch de rjochter útsprutsen yn it koart pleit. Dat betsjut dat it bernedeiferbliuw formeel wer iepen mei.

Fleurtje Belle Fleur waard ferline wike freed sletten, ûnder oare omdat de eigneresse te rûch mei de bern omgean soe. De eigneresse sels ûntkende dat en spande in koart pleit oan. Dat hat se dus wûn. Advokaat Jansen fan Fleurtje Belle Fleur is 'bysûnder bliid' mei de útspraak.

'De gemeente hie dizze maatregel nea nimmen mocht', seit Marita Jansen. 'De maatregel gie ek fierstente fier. In gemeente kin in bernedeiferbliuw wol oanwizigings jaan om saken te ferbetterjen, mar in deiferbliuw slute giet fierstente fier.' Frou Van Dyk lit yn in earste reaksje witte dat Fleurtje Belle Fleur moandei wer iepen giet. De gemeente Hearrenfean is teloarsteld oer de útspraak. De gemeente bestriidt dat de proseduere net goed wie en beriedt him op stappen dy't ta in nije sluting liede moatte. Boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean woe tongersdei sels net reagearje op de útspraak fan de rjochter.

(advertinsje)