Laptops stellen yn Snits
Woansdei is der ynbrutsen yn in hûs oan de Leeuwarderweg yn Snits. De ynbrekkers koene deryn komme troch in rút te fernielen. It hiele hûs is trochsocht. Der binne yn elk gefal twa laptops stellen. De 75-jierrige bewenner fan it hûs hat oanjefte dien.