'Gjin sloopwerf yn Harns'

10 jan 2013 - 06:39

Der moat gjin sloopwerf yn Harns komme. Dat seit de fraksje fan Friese Koers yn provinsjale steaten. De gemeenteried fan Harns hat grien ljocht jûn foar sa'n werf, dêr't skippen sloopt wurde kinne.

Neffens Friese Koers hat út ûndersyk bliken dien dat it ûndúdlik is wat de gefolgen binne foar miljeu, de sûnens en de feilichheid. Friese Koers makket him soargen oer de gefolgen foar de Waadsee en de reputaasje fan Harns en de Waadeilannen by toeristen. De provinsje soe dêrom gjin miljeufergunning jaan moatte, seit de fraksje.

Trefwurden: 
Harns Friese Koers sloopwerf
(advertinsje)