'Nuonjild ynsette foar wurk'

Deputearre Konst tinkt deroer it jild fan de ferkeap fan de Nuon-oandielen yn te setten om de klappen troch de boukrisis op te fangen. Hy seit dat nei oanlieding fan de falliseminten fan meardere bedriuwen, fan 'e wike. Under oare kezinefabryk De Vries fan De Gordyk en Kloosterman Geveltechnyk fan It Hearrenfean koene it net mear bolwurkje.
De rop wurdt no lûder om it Nuon-jild yn te setten om de gefolgen fan de krisis yn de bou te beheinen. Neffens deputearre Hans Konst rint dat jild mar stadichoan binnen en koe it net earder brûkt wurde.