Sven giet foar 6e titel op EK

09 jan 2013 - 17:22

Mei eangst foar de gryp ferskynde Sven Kramer woansdei op de parsekonferinsje fan de KNSB oer it EK allround kommend wykein yn Thialf. Kramer is no fiif kear Europeesk kampioen. As er wer wint, stiet er lyk mei rekôrhâlder Rintje Ritsma, dy't seis kear de titel wûn. Debutante op it EK is Antoinette de Jong (17) fan Rottum. Sy waard 14 dagen ferlyn sechsde op it NK allround. Se giet foar in plak by de earste acht.

Sven Kramer sil foaral de striid oangean moatte mei syn ploechmaat Jan Blokhuijsen. Fjirtjin dagen lyn op it NK allround wie dat in prachtich gefjocht. De Noar Håvard Bøkko en de Rus Ivan Skobrev soene konkurrint wêze kinne as se de beide lange ôfstannen better ride as de lêste tiden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)