Koart pleit bernedeiferbliuw

09 jan 2013 - 15:31

De eigener fan bernedeiferbliuw Fleurtje Belle Fleur ûntkent dat se bern te hurd oanpakt hat. Yn in koart pleit fjochtet se de sluting fan har bernedeiferbliuw op It Hearrenfean oan by de rjochter. Har bedriuw is freed fuortendaliks sletten troch de boargemaster, om't ferskate âld-meiwurkers ferklearren dat se rûch mei bern omgiet en tsjin har raast.

Oanlieding wie in rapport fan de GGD op basis fan klachten fan 11 persoanen. Neffens Van Dijk giet it om laster fan ûntsleine meiwurkers en de gemeente. De rjochter docht tongersdei útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)