Fytster ferwûne yn Snits

09 jan 2013 - 15:21

Yn Snits is woansdeitemoarn in 34-jierrige ynwenster ferwûne rekke doe't se oanriden waard. De frou fytste fan de Prinsengracht yn de rjochting fan de Selfhelpweg doe't in auto har grypte. De auto waard bestjoerd troch in 34-jierrige frou út Balk. De fytster rekke ferwûne oan de holle en is mei de ambulânse nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Snits plysje
(advertinsje)