Rappe riders beboete

09 jan 2013 - 14:18

De plysje hat yn Bakkefean en Olterterp kontrolearre op te hurd riden. Der wienen klachten oer rappe riders op de dyk dêr't 60 kilometer yn de oere tastien is. Op de Klauwertswei yn Bakkefean ried ien automobilist 101 km/oere. Op de Aldhof yn Olterterp rieden twa automobilisten te hurd: 108 en 109 km/oere.

Trefwurden: 
kontrôle Bakkefean
(advertinsje)